Utnûging ôfskied waarnimmend boargemaster Tineke Schokker-Strampel

Nei in perioade fan hast in jier nimt Tineke Schokker-Strampel ôfskied as waarnimmend boargemaster fan gemeente Tytsjerksteradiel.

Wy nûgje jo fan herte út om hjirby stil te stean yn in bysûndere riedsgearkomste. Oanslutend is der in resepsje, dêr’t gelegenheid is om Tineke Schokker-Strampel persoanlik te betankjen en tegearre werom te sjen op har amtsperioade. 

  • Datum: tiisdei 6 jannewaris 2026
  • Lokaasje: Gemeentehûs Tytsjerksteradiel, Raadhuisweg 7, Burgum
  • Tiid: 19.30 oere - oanfang bysûndere riedsgearkomste
             20.30 oere - oanrang resepsje
             22.00 oere - ein.

Komme jo ek?

Lit jo ús witte oft wy op jo komst rekkenje kinne? www.t-diel.nl/afscheid