De yn Burgum wenjende sjonger en lietskriuwer Marcel Smit (1977) is foar de kommende twa jier ‘Wâldsjonger’ fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Marcel wie al op jonge leeftyd dwaande mei muzyk en brocht yn 2011 syn earste folslein (Wâld)Frysktalige album út. Yntusken steane der trije albums op syn namme en hat er as lietskriuwer in ferskaat oan ferskes skreaun foar oare artysten. Marcel stiet neist syn solo-optredens ek wol mei oaren op it poadium. Foar it teaterprogramma Frisicana bygelyks, dêrmei toert er no troch de provinsje mei Gurbe Douwstra en Piter Wilkens. Yntusken binne de lietsjes fan dizze Wâldpyk-ambassadeur ek net mear wei te tinken út de jierlikse Fryske Top 100. Marcel fynt it in hiele eare om Wâldsjonger te wêzen en wol as echte Wâldpyk de kommende twa jier de Wâlden mei syn ferskes noch mear promoatsje.

Gedichten en lieten

Om it kulturele en literêre libben te stimulearjen ha wy in doarpsdichter beneamd. De doarpsdichter (Wâlddichter of Wâldsjonger) skriuwt sa’n fjouwer Frysktalige gedichten of lietteksten it jier. Hy of sy draacht de gedichten of lieten foar by spesjale gelegenheden of eveneminten. Alle gedichten/lieten wurde pleatst yn De Feanster en Actief. De doarpsdichter is oansteld foar twa jier.


It liet ‘Lêze en skriuwe’ is makke foar de Wike fan lêzen en skriuwen fan 8 o/m 15 septimber 2023, mei as doel it bewust wurden en better werkennen fan letterswakkens (laaggeletterdheid).

Lêze en skriuwe

Hy stie noch midden yn it libben 
Hy die it wurk, syn frou de rest
Hy waard wol bypraat troch syn maten
Troch grutskheid nea in oar ta lêst

It gat is djip nei har ferstjerren 
Hy hat de hannen yn it hier
Hy wol har útfeart begeliede
Mar sit te stoarjen nei ’t papier

Kearsankje
Do sjochst it net oan hoe ‘t se rinne
Do sjochst it net oan harren klean 
Sy sille der sels net oer begjinne
It skamjen foar kin bêst fier gean 
Gewoantes kinst altyd trochbrekke
En ek al binne se min te sjen 
Rik in hân ast wat fermoedest 
Sa’n hân is faaks in nij begjin 

Har grutte bek dat wie har wapen 
Sy sloech har troch har skoalletiid 
Al is sy krekt drûch oer de sleat kaam
Sy wist eins net wat sy ferliet 

Pas doe’t se ynseach dat har libben
Dochs wol wat mear as wille wie 
Wie sy bliid dat ien har frege 
Wêrt sy no eins ferlet fan hie 

(Kearsankje werhelje)

Lang om let kin heit en dochter 
No lêze en skriuwe mei elkoar

©Marcel Smit

It liet ‘Winners’ is makke foar de útrikking fan de kultuerprizen yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel, op 24 maaie 2023 yn Bûtenpost en op 30 maaie yn Burgum.

Winners

Der is altyd ien de bêste 
De ien is sterker as de oar   
De ien kin fierder as syn grinzen
Wy kin noch fierder mei elkoar 

Der is altyd ien de earste 
De ien is flugger as de oar 
De ien kin heger as syn latte
Wy kin noch heger mei elkoar 

Foar elke einstreek stiet in priis 
En dat is faaks ek wol goed 
Al is de priis fan hjoed wol oars 
Dy giet fierder as dy noed 
De einstreek is hjirre nea it doel 
En it winnen like min 
Dizze winners tinke oars 
Dizze winners tinke oars 
Dizze winners tinke oars 
Sy meitsje ‘t oaren nei it sin

Der is altyd ien de moaiste 
De ien is tûker as de oar
De ien kin djipper as wy tinke 
Wy kin noch djipper mei elkoar

Der hat altyd ien it measte 
De iene doart mear as de oar
Al hat in priis echt wearde 
Ast wat dochste foar elkoar 

Foar elke einstreek stiet in priis 
En dat is faaks ek wol goed 
Al is de priis fan hjoed wol oars 
Dy giet fierder as dy noed 
De einstreek is hjirre nea it doel 
En it winnen like min 
Dizze winners tinke oars 
Dizze winners tinke oars 
Dizze winners tinke oars 
Sy meitsje ‘t oaren nei it sin

©Marcel Smit

It liet ‘Yn it sintsje’, is makke foar de lintsjerein yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel op 26 april 2023.

Yn it sintsje 

Sy stean it meast ferskûle  
Tusken gers of beamtegrien 
Yn de lijte fan in beamwâl 
Earne op in rêstich hiem 
 
Krekt heger as it meanfjild
It leafst net yn ’t folle ljocht 
Dêr komme sy ta waaksdom 
Dêr wurdt goed om oaren tocht

Sy bloeie yn de winter 
Yn de simmer yn de hjerst 
Sy bloeie yn it foarjier 
At sy foar gean oan de rest 
Sy bloeie troch yn stoarmen 
Krekt as hat it nea oars west 
Sy krije wol gau in kleur  
Ast se yn it sintsje setst

Harren risping is ferneamd 
En wurdt faak fergees ferdield 
As in soarte fan medisyn 
Dat al hiel gau hiel goed fielt

Wy moat’ der goed op passe
Mar foar wa’t de soart net kin 
Is in lintsje faaks wol handich 
Sa kin elkenien se sjen 

Sy stean it meast ferskûle  
Tusken gers of beamtegrien 
Mar sjochst ynienen in lintsje 
Dan witsto dat is der ien 

©Marcel Smit