Mear ynformaasje oer de skiednis, it gemeentehûs, wapen en flagge en de doarpen.

Skiednis

De gemeente Tytsjerksteradiel leit yn it easten fan de provinsje Fryslân. Yn de midsieuwen wie it de achtste gritenij fan Eastergoa, ien fan de trije seelannen binnen de hjoeddeistige provinsje.

Syn namme ûntlient de gemeente oan it doarp Tytsjerk. Ta de gemeente hearre neist it haadplak Burgum noch 15 doarpen, nammentlik: Aldtsjerk, Earnewâld, Eastermar, garyp, Gytsjerk, Hurdegaryp, Jistrum, Mûnein, Noardburgum, Oentsjerk, Ryptsjerk, Sumar, Suwâld, Tytsjerk en Wyns.

Wenkultuer

Tytsjerksteradiel hat in âlde bewenningsskiednis. Troch ûndersyk is aardich wat bekend oer de bewenning sûnt de ein fan de lêste iistiid. Yn it gebiet om de Burgumer Mar hinne bivakkearren yn dy tiid – om ende by 5000 f. Kr. - in pear famyljes. Sy hienen dêr in basiskamp en sa’n 15 kilometer fierderop in stikmannich jachtkampen. De minsken wennen yn hutten; in skelet fan bûchsume takken, oerdutsen mei reidmatten en hûden.

Lânskip

Karakteristyk foar de gemeente is de grutte fariaasje yn it lânskip. Yn it noarden, by Wyns en Bartlehiem, bekende plakken yn de skiednis fan de alvestêdetocht, fine wy it terpelânskip op de hege seeklaai. Wyns, lizzend oan de Dokkumer Ie, wie yn de iere midsieuwen it bestjoerlik sintrum fan it hiele gebiet. Dêr waard it ‘rjocht’ sprutsen. Trynwâlden, de krite om Gytsjerk, Oentsjerk en Aldtsjerk hinne, is fanâlds bekend om syn bebosking. Dat gebiet oefene yn de Gouden Ieu en dêrfoar dan ek in grutte oanlûkingskrêft út op ’e adel. In oantinken dêroan binne de oerbleaune staten, de grutte lânhuzen fan de Fryske adel.

Leechfean en wettergebiet komme wy tsjin yn it natuergebiet ‘De Groote Wielen’. Dat foarmet in briedplak foar in hiel soad wetter- en greidefûgels.

Yn it easten fan de gemeente fine wy in beamwâlelânskip mei houtwâlen (yn it easten by Eastermar en Jistrum) en beammesingels (Noardburgum e.o.). It uterste súdwesten fan Tytsjerksteradiel bestiet út it ferfeante wettergebiet by Earnewâld. Op de eastlike en súdlike sângrûnen ûntstienen yn de midsieuwen de doarpen Burgum, Hurdegaryp, Sumar, Garyp, Eastermar en Jistrum.

Fanâlds libben de minsken fan de feangraverij, fiskerij, lânbou (foaral greidbuorkerij, mar ek boubuorkerij) en jacht. Skepnet, seine en jachthoarn yn it gemeentewapen binne in ferwizing nei dy middels fan bestean.

Wapen en flagge

Wapen

Op 25 maart 1818 krige de gemeente in wapen mei neikommende omskriuwing:

‘Gevierendeeld; het eerste van lazuur beladen met een schepnet en een zeissen, geplaatst als een St.Andrieskruis; het tweede van zilver, beladen met een groene koornplant; het derde mede van zilver, beladen met drie boomen van sijnopel; het vierde van keel, beladen met een zwarte hoorn. Het schild gedekt met eene kroon van goud.’

Der kin fierder noch oer sein wurde dat it skepnet en de seine fan sulver binne, dat de hoarn in post- of jachthoarn is en dat it wapen in kroan fan trije ‘fleurons’ hat, mei twa kear trije pearels. De ‘koornplant’ moat in reidseame mei trije plommen foarstelle. It wapen bestiet út fjouwer streekwapens: de seine en it skepnet fan Tytsjerk, it reid fan Sumar, de post- of jachthoarn fan Burgum en de beammen stean foar de trije doarpen yn it gebiet: Oentsjerk, Aldtsjerk en Gytsjerk. Elts doarp hat in beam yn harren wapen.

Wapen gemeente Tytsjerksteradiel

Flagge

De gemeenteflagge is op 22 novimber 1984 fêststeld. De flagge is yn fjouwer fjilden ferdield, elts fjild is fanút de hoeke wei geare yn wyt en read. Yn de wite gearen in grien ikeblêd mei de stâle nei de midden ta rjochte. Yn 'e midden in blau wapenskyld mei dêrop yn giel in jachthoarn mei draachbân.

Vlag gemeente Tytsjerksteradiel

Gemeentehûs

It âlde part fan it gemeentehûs (foarkant) is ûntwurpen troch arsjitekt Piet de Vries en datearret út 1935. Oanlieding wie de sloop yn dat jier fan it besteande gemeentehûs, dat op 'e hoeke Noordersingel - Tsjibbe Geartsstrjitte stie.
Op fersyk fan it Ryk waard de ferkearswei troch Burgum omlein en moast it Van Sminiahuis út 1770 sneuvelje. As kompensaasje woe it Ryk f 70.000 betelje foar it nije gemeentehûs oan de Raadhuisweg. Arsjitekt Piet de Vries ûntwurp in monumintaal gemeentehûs yn in saaklike sobere bakstienstyl. Hy hold him dwaande mei ferskate aspekten, mei dêrûnder ek it ûntwerpen fan it nije meubilêr. De bekende Burgumer beamkwekersfamylje Bosgra mocht de ynrjochting fan de tún fersoargje.

Yn 1975 konkludearre de ried dat de beskikbere romte yn it gemeentehûs te beheind wie. In tal jierren dêrnei krige arsjitekt Abe Bonnema út Hurdegaryp de opdracht om in nije fleugel te ûntwerpen. It nije stik út 1985 falt op troch it kontrast mei it âlde gebou. It hat wyt bepleistere muorren en in soad spegelglês. It âlde gebou út 1935 herberget no it bestjoersdiel.

Yn 1992 kaam wer in útwreiding fan it gemeentehûs ta stân. Dat wie needsaaklik om ek de kantoaren fan Gemeentewurken te húsfestjen. De ried hie in 1990 nammentlik besletten om it gemeentlik apparaat op ien plak ûnder te bringen.

De oant no ta lêste útwreiding is de publyksromte ticht by de âlde haadyngong. Neist de publyksbaaljes binne dêr de gearkomsteromten te finen. De publyksromte wie yn 2005 klear. It ûntwerp dêrfan en ek dat fan de útwreiding fan 1992 wienen wer skeppings fan arsjitekteburo Bonnema.

It gemeentehûs út 1935 en de Juliana- en Bernhardbank dêr tichtby falle ûnder de beskerming fan de Monumintewet.

Doarpen

Aldtsjerk

It doarp hat 669 ynwenners. As wy nochris neifreegje hoe‘t de bosk oan dy frjemde namme komt, hearre wy dat it allegear te meitsjen hat mei steatsobligaasjes út Turkije en Grikelân. Aldtsjerk hat in (fan oarsprong N.H.) tsjerke mei in sealtektoer. It ynterieur is ien fan de moaiste Fryske foarbylden fan in harmonieus protestantsk tsjerke-ynterieur mei ynfloeden út de adel. De toer en de tsjerke út de 12de ieu binne restaurearre. Yn Aldtsjerk kin jo namme yn it kafee op ‘e balke komme, mar dan moatte jo winterdeis wol as earste op redens fan Ljouwert yn Aldtsjerk oankomme!

Yn Aldtsjerk stiet De Klinze (boud om ende by 1680), foarhinne Aysma State, bewenne troch Hessel van Aysma en letter jonker Hobbe van Baerdt van Sminia. De Cammingha State (fan de Heemstra’s) is der al lang net mear. Earder moasten jo, om fan de tsjerke op it Eysingapaad te kommen, in brede grêft oerstekke, no hoecht dat net mear.

Burgum

Burgum (10.000 ynwenners) is it grutste doarp yn de gemeente. Hjir stiet ek it gemeentehûs, mar folle âlder is de romanogoatyske Krústsjerke út de tolfde ieu oan de Nijstêd, wêrfan’t de dowestiennen toer nei alle gedachten út de alfde ieu is. It is ien fan de âldste tsjerken yn Fryslân en waard restaurearre yn 1954. Bekend wie ek it kleaster, yn de fjirtjinde ieu stichte troch de reguliere kanunniken en wijd oan “Sinte Nicolaas”. De tsjerke wie de St. Martinustsjerke (oan de Kleasterloane stiet no noch de Martinushof). Yn 1580 moast it fansels oan ‘e Menno van Coehoornwei wenne. Dêr stie doe “het Hooghuis”.

Skean foar de tsjerke oer leit in mei strewelleguod beplante hichte: de âlde grêfkelder fan de famylje Nieubuur Ferf. Tichter by it sintrum fan it doarp leit “De Pleats”, in restaurearre boerepleats út 1773, dy’t no brûkt wurdt as kultureel sintrum. Efter de pleats leit in smûk iepenloftteater, dêr’t alle jierren yn juny in iepenloftspul opfierd wurdt. Oan de Hillamawei, en dan sitte wy al yn it west fan Burgum, leit de poppestien, dy’t, as wy de ferhalen leauwe meie, al gâns berntsjes op ‘e wrâld set hat. Dêrfoaroer stie it slot Hillama, dat om 1744 hinne ôfbrutsen waard.

Deun by de brêge oer it Prinses Margrietkanaal lizze in kuierplak mei in gesellige bisteboel en in iisbaan en oan de oare kant fan de brêge fine wy fierljepskânzen.

Al in pear ieuwen lang stiet Burgum bekend om syn kwekerijen. Yn dat ramt moat de namme Bosgraaf neamd wurde!

Oare bekende Burgumers wiene bygelyks: Hendrik Bulthuis, ûntwerper fan sylboaten, de
en de “Bulthuisjol”; Harmen Sytstra, dy’t om 1845 hinne hjir skoalmaster wie en û.o. de “Wâldsang” dichte en Tsjibbe Gearts van der Meulen, Frysk dichter en skriuwer, dy’t mei de Burgumer Krante úteinsette.

Earnewâld 

404 ynwenners: ien fan de lytste, mar ek ien fan de âldste doarpen yn ús gemeente is Eastermar. Boppedat wie it yn de 18de ieu it rykste doarp! Dat koe troch de feanterijen, dy’t der ek oan tadienen dat hjir ien fan de moaiste wettergebieten fan it lân ûntstie. Wettersporters meitsje der drok gebrûk fan; ien fan de hichtepunten is elts jier wer it skûtsjesilen. Yn Tytsjerksteradiel is Earnewâld it twadde doarp mei in eigen skûtsje (mei de letter E), dat yn behear is by de stifting “It Earnewâldster Skûtsje”.

It wetter hat Earnewâld yn it ferline ek gauris ta lêst west. It doarp leit sels wol op in sânrêch, mar fakentiids moast men by ’t winter mei boatsjes oer de grintdyk nei Garyp, sa heech stie it wetter. De namme Princenhof is ûntstien doe’t Fryske steedhâlders yn de Alde Feanen in jachtslot bouden. "It kokelhûs fan Jan en Sjut”, Flietsteech 16, is in âld feantershúske en it âldste museum fan ‘e gemeente. Fierder is hjir ek it Skûtsjemuseum te finen.

Eastermar

Eastermar (1590 ynwenners) is in prachtich doarpke tusken De Leien en de Burgumer Mar. Mannich fynst út de prehistoaryske tiid lit ús sjen, dat de hegere parten yn dizze omkriten al betiid bewenne wiene. It oarspronklike doarp hat no de namme “It Heechsân”. De âlde toer is nei alle gedachten boud om 1300 hinne; it tsjerkje waard yn de 19de ieu ôfbrutsen. Troch de drokte dy’t de feanterijen (De Leien) doedestiids meibrochten, krige it doarp geandewei it plak dêr’t it no leit. Eastermar hat yndertiid in fleurich hannelssintrum west mei jiermerken dêr’t gâns omgie. Yn 1974 is de jiermerk wer op ’en nij ynsteld; de merk wurdt yn juny tagelyk mei it doarpsfeest hâlden.

Typearjend foar dizze omkriten binne de “dykswâlen”, it saneamde kûlisselânskip dat ûntstiet as, lykas hjir, begroeide wâlen de perselen skiede. Hast nearne binne se sa goed bewarre bleaun as om Eastermar hinne en jo kinne fan tinken wol hawwe dat wy der wiis mei wêze moatte!

Feanwâldsterwal 

Neffens de skiednis wie it sa dat it doarp dat ek wol De Wâl neamd wurdt mei in tsjerke, in skipswerf, in kroech en alderhande oare bedriuwkes tal fan minsken oanlutsen dy’t harren der te wenjen setten. Sa waakste it doarp en koe it selsstannich wurde. Ast troch it doarp kuierst, yn eardere tiden ek wol diepswâl neamd, dan kin men merkbite dat de bewenners yn it generaal freonlik binne. Ynwenners dy’t der hikke en tein binne sille inoar altiten de tiid fan de dei sizze of efkes in praatsje oer de hage bygelyks. Ek tidens it doarpsfeest is it te merkbiten dat der in protte mienskipssin is om tegearre it doarp te fersieren.

Sa as oeral ferdwûn mei de komst fan de grutte winkels en mei de komst fan de auto in protte bedriuwkes út it doarp. It kafee hat it allegearre wol oerlibbe en libbet noch as in hert mei boatsjes yn de ferhier dy’t mei minsken troch it omlizzende natoergebiet farre. Ek de iisklub Eendracht is noch tige warber en organisearret tal fan aktiviteiten bygelyks de fakkeltoertocht en wedstriden foar leden. Bysûnder is dat de brassband Excelsior troch alle tiden hinne noch altiten warber is. Fierder is it fytspaad dat de Wâl mei de Trynwâlden ferbynt ek tige aktueel en it lûkt in protte minsken op de fyts oan dy’t sa it doarp trochkrúse. De foarrie wenningen bestiet allinnich út keaphûzen en dat docht it doarp wol goed.

Garyp

1940 ynwenners. De ynwenners fan Garyp wenje hjir middenmank in typearjend wâldlânskip mei beamteguod tusken de stikken lân. Foarhinne stiene der stinzen en fersterke pleatsen yn dizze omkriten. Wichtige nammen wiene û.o.: Albada, Galama, Douma, Kinnema, Krootsma, Galckehiem (Binnenrust) en Solcama (Hoogsteins).

Sigerswâld hat ek in tsjerkedoarp west; op it plak fan de tsjerke hat it kleaster Sinaï stien, dat yn 1482 stifte waard troch fiif regularissen. De “âlde tsjerke” fan Garyp wie fan dowestien, mar yn 1835 waard der in nijenien boud. De Garypsters kinne der meielkoar wol wat fan, want yn ‘e foarige ieu groeven hja sels in eigen swimbad, deun njonken it doarpshûs (“It Geahûs”) oan de Greate Buorren.

Gytsjerk

(2354 ynwenners) Yn it sintrum fan de Trynwâlden leit Gytsjerk, dêr't al om 1100 hinne úteinset is mei de bou fan in moai dowestiennen tsjerkje, dat no ien fan de âldste fan Fryslân is. Gatzerka (Gytsjerk) betsjut dan ek: tsjerke fan in gea of doarp. Dodo, ien fan de earste grytmannen dy’t bekend wurden is, moat yn 1242 yn Gytsjerk wenne hawwe.

Wiis binne de Gytsjerksters ek mei de Atsjebosk. De Ryd, it wetter fan Gytsjerk nei de Grutte Wielen, wie alearen helte grutter en makke dat Trynwâlden wat fansiden lizzen bleaun is. Mar der kaam in brêge oer dat wetter. Op it plak fan it tolhûs stiet no it âld molkfabryk, ien fan de grutste fan Fryslân en no ryksmonumint. En dêrnei hat de ferbining mei Swarteweisein bydroegen ta de ûntjouwing fan dizze krite. Even bûten it doarp is op de brêge yn de Canterlânskedyk nei Ljouwert ta sûnt 2001 it alvestêdemonumint “It sil heve” te finen.

Hurdegaryp

4933 ynwenners. Al wer in doarp dat net ûntstien is op it plak dêr‘t it no leit! De earste minsken setten harren nei wenjen op in heger stik sângrûn oan de súdkant fan wat no it doarp is. Dêr lei ek it earste paad fan Ljouwert nei Grins (de Simmerdyk). De âlde 13de-ieuske tsjerke waard ôfbrutsen; in pear stiennen jouwe (yn it Koopmansboskje) noch it plak oan dêr’t er stien hat. Yn 1714 kaam der in nije tsjerke yn ‘e nije buorren. Nijsgjirrich binne de sierlik bewurke grêfstien út de âlde tsjerke, in stikmennich famyljebanken en in moaie preekstoel. Oant mids 19de ieu hearde Gaestmabuorren ûnder Hurdegaryp (no: Burgum).

Yn de Grovestins dy‘t dêr stien hat, op Reitsma State en op Bennema State wennen lânhearren en heareboeren mei ynfloed! Oer Bennema State giet it ferhaal dat it der ek wolris spoeke hat! Hoe kin oars ferklearre wurde dat de stekken fan Bennema State yn de tiid dat dokter Bontekoe der wenne, om tolve oere nachts steefêst iepen giene, ek al hie men se earder kreas yn ’t slot falle litten...? Bennema State is no in hûs foar de âlderein.

Oarspronklik wurken de Hurdegarypsters yn de feanterij en de fiskerij, earst letter leine se har ta op it boerebedriuw. Wie it earst in typysk rinteniersdoarp, yn de rin fan ’e tiid is wat langer wat mear in forinzeplak ûntstien. Nei it noarden ta leit it spoar út 1866.

Jistrum

Mei 955 ynwenners. Jistrum is in lyts doarpke mei in moaie buorren en in alderaardichst tsjerkje mei sealtektoer út de trettjinde ieu. In pear jier ferlyn is it restaurearre; oarspronklik moat it in reiden tek hân hawwe. De âlde romanogoatyske styl wurdt wat trochbrutsen troch de beide ruten op ‘e súdkant fan de tsjerke. Nei alle gedachten binne dy oanbrocht yn de tiid fan de Reformaasje.

De nammen Ees, Iest (oars wol: Geest) tsjutte hege grûn oan. Dêr sille ek al betiid bewenners west hawwe. Ek Jistrum hie in man mei bysûndere jeften: Joost Wiersma! Hy wie krûdedokter foar minske en bist en die in soad foar it doarp en de muzykferiening. Dêrom hjit dy hjoeddedei noch fan “Joost Wiersma”. Sels ferstoar Joost Wiersma yn 1927 yn de âldens fan 83 jier.

Mûnein

682 ynwenners. Mûnein waard earst yn 1948 in selsstannich doarp, foarhinne wie it in part fan Oentsjerk. De namme Trynwâlden hat neat te krijen mei it kostlike ferhaal fan Tryntsjemuoi, mar is in Aldfryske tredde namfal, mei de betsjutting: yn de trije wâlden. En dêr blykt dan ek fuortendaliks út dat wy hjir te meitsjen hawwe mei fan âlds boskige omkriten. Trynwâlden bestie oarspronklik út in sâneilân, alhiel ôfsletten. De sosjaal ynstelde Theodorus van Welderen baron Rengers hat hjir yn 1898 in flaaksfabryk stichte om de wurkgelegenheid yn dizze omkriten te ferbetterjen. Oant 1968 hat it fabryk yn bedriuw west. It gebou is no yn gebrûk as “Thomashuis”, in lyts opfanghûs foar minsken mei in ferstanlike handicap. De skoarstien is restaurearre en oerbleaun as oantinken oan ‘e eardere funksje.

Noardburgum

2277 ynwenners. Noardburgum waard yn selsstannich doarp. Foarhinne wie it in part fan Burgum. Op in kaart út 1664 is oan de noardkant fan de “Rydwech na Groeningen” hast neat oars te finen as heide en nochris heide: de “Bergumer Heyde”. Op in kaart út 1888 steane al twa sânpaden, de tsjinwurdige Sânhústerwei en in sânpaad fan it Swartkrús nei Kûkherne, dat hjoeddedei as Oostersingel bekend stiet en trochrint nei de “Skilige Piip”.....Yn 1888 wie tusken dy sânpaden in grut bosk, it “Du Tours”-bosk. Njonken it Swartkrús stiet it ferpleechtehûs “Nieuw Toutenburg” en fierderop oan de Ryksstrjitwei it pompstasjon fan wetterliedingbedriuw Vitens. Bêste klompen ha se yn Noardburgum ek – in besite oan klompmakkerij en klompemuseum Scherjon, dat ûnderbrocht is yn it eardere earmhûs fan 1843, is de muoite wurdich! Fierder wie Noardburgum it doarp fan strjitmakkers en reiddekkers. Ien fan dy strjitmakkers wie Abe Brouwer, skriuwer fan mannich Fryske roman, ûnder oaren “Marijke”. Fan dy frou makke David van Kampen in byld. It stiet by it doarpshûs “De Balstien”.

Oentsjerk

1792 ynwenners. Oena (Onya) is grif in persoansnamme. De âlde tsjerke kaam om 1200 hinne ree. Der hat in tiid west dat wichtige nammen hjir in grutte rol spilen en staten it doarpsbyld behearsken: Heemstra State, Eysinga State (ôfbrutsen yn 1759), Unia State en Stania State. It bûten Stania State wie der al yn 1664 en it haadgebou fan hjoeddedei datearret fan 1855. It is in monumint. It gebou wurdt ferhierd oan “Buro Vijn”, adviseurs foar stêdebou en romtlike oardering. In part fan Stania State is ek brassery, teeskinkerij en offisjele troulokaasje. Efkes lins foar in kuierke yn it park, fan arsjitekt Roodbaard, dat lyksa in monumint is. Wy sjogge yn ‘e fierte de Praktykskoalle foar de Feehâlderij en it Greidebedriuw lizzen.

Ryptsjerk

810 ynwenners. Ryptsjerk komt men foar it earst tsjin as Ripikerka yn 1314. It doarp lei doedestiids oan de súdkant fan de saneamde Oosterdijk, krekt efter de wente by it slúske.

Om 1600 hinne wenne hjir dr. Rombertus van Uylenburgh, grytman fan Ljouwert. Syn jongste dochter Saskia smiet yn 1634 de lapen gear mei – en wa soe him net kenne! – de skilder Rembrandt van Rijn!It oerwurk fan de tsjinwurdige tsjerke (1757) waard yn 1868 skonken troch dr. Nicolaas Ypeij en it oargel yn 1891 troch mr. Age Looxma Ypeij, dy ‘t doedestiids eigner wie fan “Vijversburg” op Swarteweisein.

Sumar

1380 ynwenners. It falt op hokfoar grutte mienskiplike belangen der lizze tusken Burgum en Sumar; beide doarpen reitsje elkoar oan it Prinses Margrietkanaal en de yndustryen oan wjerskanten dêrfan. Sumar is in âld doarpke dat leit op ‘e grins fan sângebiet en leechfean. Foarhinne lei it oan de súdkant fan in lytse mar, dy’t letter ien gehiel waard mei de Burgumer Mar, dêrfandinne de namme.

Sumar hie in dowestiennen tsjerkje út ‘e tolfte, trettjinde ieu, mar yn 1769 kaam de tsjintwurdige N.H. tsjerke derfoar yn ’t plak. O sa moai binne de brânskildere ruten fan Ype Staak.De mûne hat in wichtich plak yn it doarpsbyld. As it feest is, draait de mûne mei en hast alle sneontemoarnen wurdt der in mûnderskursus jûn. Jo kinne dy ryklik hûndert jier âlde mûne ek besjen! Underwilens binne wy “de Koekoek” al foarby. Dat wie in útspanning yn de tiid doe’t de hynstetram (letter de stoomtram) noch troch Sumar kaam.

Geregeldwei waarden der reizgers ôflevere foar it boerke Knilles Wytzes, dat as wûnderdokter ferneamd waard (1837-1905).Master De Vries kweekte yn 1905 in nij soarte ierappels: de Bintsjes. Dy namme kaam fan ien fan syn skoalbern: Bintje Jansma. Yn 1999 hat keunstner Anne Woudwijk hjir in keunstwurk makke dat ferwiist nei master De Vries en it Bintsje.Sumarreheide (Sumar-súd) bestie by âlds út heidefjilden mei in tal spitketen. Der wurdt war dien om de hjoeddeiske wenmienskip yn stân te hâlden. Fan Sumar ôf kin jo by “Klein Zwitserland” oan de Iestwei del.

Suwâld

673 ynwenners. Suwâld leit wat heger as it lân en sil nei alle gedachten tsjinne hawwe om it ynpoldere lân droech te hâlden.

As men oer de Monnikenweg it doarp ynkomt, wurdt men fuortendaliks bepaald by de oarsprong fan Suwâld. Mûntsen út it Burgumer kleaster hawwe dy dyk oanlein. It tsjerkje dat der hjoeddedei noch stiet datearret út de 12de ieu. It karakteristike Bakkershûs út 1814 by it Prinses Margrietkanaal en it fearhûs út de 18de ieu, beide oan it “Zuiderend”, binne de âldste hûzen yn Suwâld. Yn it dykje nei de pont oer it Prinses Margrietkanaal ta is oer in ôfstân fan 70 meter ek it keunstwurk fan Erwin Adema te finen mei it gedicht “Gegrond” fan Benne van der Velde, dy’t tsien jier wurke hat op in pont. Mei it sinnepontsje “Schalkediep”, it earste autonoom op sinne-enerzjy rinnende pontsje yn ‘e wrâld, kinne jo jo, fan juny oant en mei begjin septimber alle dagen fan 10.00-18.00 oere, oersette litte om nei Garyp te gean.

Tytsjerk

1528 ynwenners. Tytsjerk is fêst wiis mei de omskriuwing “aan dit dorp daer de veerwaghens nae Groeningen end Leeuwarden plysteren, aen ’t E. v/d Swarte wech, heeft de gryteni syn naem”. Dat wie noch de tiid dat it doarp “Thiatzercka” hjitte en in wichtich plak ynnaam. It doarp lei geunstich oan it wetter nei de Middelsee en hie in wichtige rol by de ôffier fan wetter. De gritenij is hjir yn ‘e midsieuwen ûntstien as ferbûn fan doarpen. Fanwegen de strategyske lizzing fan Tytsjerk, ticht by de Middelsee, is de gritenij dêrom nei alle gedachten Tytsjerksteradiel neamd! Dêrnjonken wie it in ideaal jachtgebiet mei dobben en puollen: De Sanjes, Mariadobbe, Ketersweer, Herrewiid, Rypke en miskien Lousmar. Dêrfandinne ek it grutte tal bûtenpleatsen: Vijversburg, Toutenburg, Hanenburg, Woelwijk, Boekema State en Tienkamp. It ynpolderjen fan de wetterskippen hie ta gefolch dat puollen en dobben tichtgroeiden, fan it jachtgebiet hast neat oerbleau, it tal einekoaien weromrûn fan 12 oant 3 en fan de bûtenpleatsen allinnich Vijversburg noch bewenne waard. Doe’t begjin 1800 ek noch de Swarte Wei trochlutsen waard nei Hurdegaryp, kaam Tytsjerk besiden de ferkearsdyk te lizzen.

Wyns

194 ynwenners. Wyns is it lytste doarpke yn ‘e gemeente. Foarhinne hat it in wichtige rol spile. Yn de midsieuwen wie it it haadplak fan hiel Eastergoa, dêrfandinne ek de namme “distrikt Weningi”. Oer de Dokkumer Ie kamen fan alle kanten de grytmannen om yn Wyns harren sittings te hâlden. It rjocht fan Eastergoa stie beskreaun yn it “Karbief foar de heechste rjochtsynstânsje” te Wyns. It doarp is lyts bleaun, ek al wie der earder in mar mei in soad fisk. Wol wennen hjir al hiel betiid minsken; de fynst fan Romeinske munten jout dat oan.

Fierder sil Wyns wol lyts bliuwe, benammen om‘t de Ljouwerter F-16’s fierdere útwreiding fan it doarp tsjinhâlde. In bekend plak yn ‘e reedriderij – en dan foaral by in alvestêdetocht – is Bartlehiem even fierderop. Om 1170 hinne stifte de abt fan it kleaster fan Hallum dêr it nonnekleaster Bethlehem. Yn de omkriten fan Wyns leit ek noch in einekoai.