Nije wethâlder gemeente Tytsjerksteradiel foardroegen
De FNP Tytsjerksteradiel draacht Jan Pieter van der Velde foar as nije wethâlder. Hy moat Tytsy Willemsma ferfange, sy is waarnimmend boargemaster fan It Amelân wurden.
Van der Velde is al sân jier riedslid, hy jout syn baan as direkteur fan de Groninger Energiekoepel no op om wethâlder wurde te kinnen.
De offisjele beneaming is pland foar 6 novimber 2025. As gefolch fan syn stap wurdt Nynke Hinke Rintjema (22) it nije riedslid foar de FNP.