Keunst en Kultuer

Mear ynformaasje oer keunst, it lânskap en bekende ynwenners yn Tytsjerksteradiel. 

Keunst

Yn elts doarp yn 'e gemeente kinne jo ien of mear keunstwurken besjen. Foar in oersicht fan de keunstwurken geane jo nei de webside fan Keunstwurk.

Lânskip

Tytsjerksteradiel is ien fan de grutste gemeenten yn Fryslân. De gemeente hat in oerflakte fan goed 16.100 ha. It lânskip is bysûnder ôfwikseljend: fean, wetter, greiden en bosk. De gemeente hat twa bysûndere natuergebieten:

  • nasjonaal lânskip 'De Noardlike Wâlden';
  • nasjonaal park 'De Alde Feanen'.

It nasjonaal lânskip 'De Noardlike Wâlden' ûnderskiedt him troch de spesifike gearhing tusken de ferskillende ûnderdielen fan it lânskip, lykas natuer (floara en fauna), reliëf (bygelyks beekdellingen en terpen), grûngebrûk en bebouwing (sa as doarpsgesichten en forten). Meielkoar fertelle dy eleminten it ferhaal fan it Nederlânske lânskip. De status ‘Nasjonaal Lânskip’ hâldt yn dat der ekstra omtinken is en dat der ekstra finansjele middels frijmakke wurde om de saneamde kearnkwaliteiten fan de gebieten te behâlden en te fersterkjen. De kearnkwaliteiten fan de Noardlike Wâlden binne:

  • lytsskalich patroan fan lintbebouwing, houtwâlen (hege diken), elzesingels mei stadige oergongen nei iepen enklaves dêrtusken (mieden en healân) en pleatslike iezen (ies = gehiel fan stikken boulân om in doarp hinne);
  • relatyf ticht netwurk fan houtwâlen en elzesingels;
  • ôfwikseling fan skaal en (beheind) reliëf;
  • opstrekkende stroken oant (pleatslik ûn)regelmjittige blokferkaveling mei in trochsneed lingte-breedteferhâlding fan 1:4 à 1:5;
  • strukturearjende eleminten lykas beplantings, ierdkundige eleminten (pingoruïnes, dobben), lintdoarpen, wegen en paden mei leanebeplanting.

It Nasjonaal Park ‘De Alde Feanen’ is in gebiet dêr’t it behâld en de ûntwikkeling fan weardefolle natuer sintraal steane. It Nasjonaal Park biedt mooglikheden foar op de natuer rjochte rekreaasje, foarljochting en edukaasje en wittenskiplik ûndersyk. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside De Alde Feanen.nl.

Bekende ynwenners

Adam Aukes (Dam) Jaarsma 

(1914 - 1991) 

Adam Aukes Jaarsma wie in Fryske skriuwer, dichter en samler fan folksferhalen. Jaarsma wie de soan fan in feehâlder út Eastermar. Hy studearre teology oan ‘e ryksuniversiteit yn Grins.

Fanwegen de Twadde Wrâldoarloch hat er syn stúdzje net ôfmakke. Hy waard helppredikant en godstsjinstlearaar yn Delfsyl, mar kaam al gau werom nei syn berteplak Eastermar (foto). Neist frijsinnich herfoarme helppredikant ûntwikkele hy him ta Frysktalich skriuwer en dichter. Yn 1954 kriich er foar syn gedicht “Allinne” de Rely Jorritsmapriis, in Fryske literatuerpriis, dy’t yn dat jier foar it earst takend waard.

Yn 1989 kriich er de earepenning fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Syn bertehûs oan ‘e E.M. Beimastrjitte wurdt nei him it Dam Jaarsmahûs neamd. Neist skriuwer en dichter wie Jaarsma ek in samler fan âlde folksferhalen. Syn opdrachtjouwer wie it “Volkskundebureau van de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen” (KNAW), sûnt 1998 it “Meertens Instituut”, in ynstitút dat bekend wurden is troch it wurk fan skriuwer Voskuil. Jaarsma hat de hân lein op 15.000 folksferhalen, dy’t foar it grutste part ôfkomstich binne út dizze omkriten, de Fryske Wâlden.

Age Looxma Ypeij

(1833 - 1892)

De skiednis fan Age Looxma Ypeij begjint net yn 1833 by syn berte, mar ieuwen earder. Syn dûbele namme, gearstald út de namme fan syn heit en syn mem, lit gelyk sjen wat der in generaasje foar him byelkoar kaam: Looxma en Ypeij.

Hy wie it risseltaat fan in alliânsje tusken twa famyljes: de Looxma’s en de Ypeij’s, in soan fan Nicolaas Ypeij en Baudina Looxma. Beide famyljes hearden yn ‘e njoggentjinde ieu ta de “grote burgerij”, dat wol sizze dat se lid wienen fan de adellike en patrisyske boppelaach fan de mienskip (dy‘t om ende by 3% fan de befolking útmakke). Om safier te kommen hienen se yn ‘e santjinde en achttjinde ieu in lange wei ôflizze moatten, in lange mars omheech. Se hienen sukses hân, oare famyljes net.

Yn harren houlik kamen de beide famyljetradysjes byelkoar, dy fan it jild fan de Looxma’s en dy fan it ferstân fan de Ypeij’s. It yn dy tiid troch Nicolaas Ypeijs skoanheit oankochte Vijversburg wie net folle mear as in hûs by in pleats op in net al te grutte kavel. Nicolaas Ypeij makke – yn de jierren nei de dea fan syn skoanheit yn 1843 – it hûs en letter de grûn, nei de foarm yn elts gefal, sa’t dy hjoeddedei binne. Hy bruts de neistlizzende pleats ôf, fergrutte yn in oantal etappes it hûs en kocht omlizzende perselen oan om it park yn Ingelske lânskipsstyl oan te lizzen.

Yn 1869 ferstjert Nicolaas en Baudina bliuwt efter mei har soan Age. Yn 1890 ferstjert Baudina en yn 1892 Age, dy’t nea troud is en dus ek gjin bern hie.

Yn syn testamint mei de wurden ‘Tot aandenken aan mijne moeder’ wurdt û.o. regele dat der in stichting ‘Op Toutenburg’ oprjochte wurdt dy’t as taak hat it park en de filla te ûnderhâlden en de buorkerijen yn Tytsjerksteradiel te behearen. Boppedat moat de stichting in ‘huis met twintig kamertjes’ bouwen. Dy keammerkes wienen bedoeld foar tweintich fan de meast behoeftige echtpearen fan de trije doarpen Tytsjerk, Ryptsjerk en Hurdegaryp. De hûskes binne der hjoeddedei noch en steane op Swarteweisein op it plak dêr‘t eartiids it slot fan Schenk van Toutenburg stie. De porsleinkolleksje fan de famylje, dy’t bestie út 50.000 stiks, waard legatearre oan ‘e provinsje Fryslân en hat koart te sjen west yn it Fries Museum. Sûnt 2007 is de kolleksje te sjen yn museum Princessehof yn Ljouwert.

Doutzen Kroes

(1985) 

Doutzen Kroes is in ynternasjonaal topmodel. Hja is hikke en tein yn Eastermar. Meastentiids wennet se yn har appartemint yn New York.

Nei't se slagge wie foar de hafû, stjoerde se in pear fakânsjefoto's nei it modelleburo Paparazzi yn Amsterdam. Se woe graach wat byfertsjinje. It smiet mear op as se ferwachte hie, want binnen twa jier wie se op itselde nivo as oare topmodellen. Doutzen rint moadeshows foar Versace, Dolce & Gabbana en Gucci en se is it nije gesicht fan de parfumrige fan Calvin Klein.

Doutzen hat yn 2009 yn Amsterdam de Lifetime Achievement Award wûn. Om't se al op sa'n jonge leeftyd it heechst helbere yn in modellekarriêre berikt hat, wie de sjuery it unanym iens oer it takennen fan de award. Ek waard se útroppen ta Miss Nederland Positief. Se hat dy titel te tankjen oan har positive útstrieling; se is nofteren, beskieden en in rolmodel foar jonge modellen. Yn novimber 2010 is se yn Amsterdam troud mei dj/rapper Sunnery James. Op 21 jannewaris 2011 waard harren earste berntsje berne, in jonkje, Phyllon Gorré.

Gerrit Hiemstra 

(1961)

Gerrit Hiemstra is in Nederlânske meteorolooch by it NOS-journaal. Hiemstra wurket nei syn stúdzje oan de Lânbouuniversiteit Wageningen yn 1986 yn de meteorology.

Nei syn stúdzje begûn hy yn 1986 as meteorolooch by Meteo Consult. Yn 1995 waard hy haad fan de operasjonele meteorologyske tsjinst fan it KNMI op Schiphol. Yn 1996 is hy by DLV Advysgroep yn Wageningen begûn mei de ûntwikkeling fan meteorologyske advys- en consultancy-aktiviteiten foar de griene sektor ûnder de namme DLV Meteo. Ein 2001 binne dizze aktiviteiten fuortset yn de nije ûndernimming WeerOnline.

Neist de waarpresintaasjes by it NOS Journaal wurket Gerrit Hiemstra as meteorologysk consultant mei oan ferskate meteorologyske projekten en is hy ferantwurdlik foar de meteorologyske opliedingen dy't troch WeerOnline jûn wurde.

Hendrik Bulthuis 

(1892 - 1948) 

Skearbaas en kapper wie der fan syn fak, mar syn hert wie faak by de wettersport. Dêr leine ek syn idealen.

“Hindrik, der leit in frjemde boat op ‘e Daam!” Yn ‘e doar fan de kapperssaak stiet in jonge. Skearbaas Hindrik Bulthuis hat krekt in klant ynsjippe. Oan skearen komt der lykwols net ta. 

It boadskip fan de jonge hat him sa yn ‘e besnijing, date er syn saak útrint en nei de Burgumerdaam ta stekt. Earst wol er de frjemde boat bewûnderje, de feint kin de klant wol helpe”.

Dy anekdoate wurdt ferteld oer Hindrik Bulthuis, skearbaas oan ‘e Legewei te Burgum. Skearbaas en kapper wie der fan syn fak, mar syn hert wie faak by de wettersport. Dêr leine ek syn idealen. Jierren hie er der fan dreamd om mear minsken yn steat te stellen om ek oan wettersport te dwaan. Dat wie yn dy tiid foar lang net elkenien weilein. Boatsjefolk wie elitefolk. Bulthuis makke syn ideaal wier troch it ûntwerpen fan in boat, dy ’t ek de lytse man mei op syn minst ien rjochterhân sels meitsje èn betelje koe: de B.M.- er, neamd nei de mar, dêr ’t hy graach op tahâlde. It waard net de prikkeboat, sa’t guon minsken seinen, mar in stabyl skipke dat mei alle winen sylt en net om te krijen is. Bedoeld wurdt hjir de grutte B.M.-er (16m2), dy ’t er yn 1922 foar it earst boude. Mei syn boat hie er sukses: hieltiten faker ferskynde de BM-er op ‘e Fryske marren. By ien boat bleau it by Bulthuis lykwols net. Ek ûntwurp en boude er de lytse B.M.-er (12m2), al hielendal in skipke foar de lytse man mei in smelle beurs.

Yn 1942 kaam Bulthuis mei syn tredde boat: de “Bulthuisjol”, in fiif meter lang boatsje mei 10 m2 seil. De trilogy wie foltôge. Bulthuis, sa wie syn aard, hat syn útfinings net brûkt om der sels better fan te wurden. Oktroai op ‘e modellen hat er nea oanfrege.

Klaas Koopmans, skilder

(1920 - 2005)

Klaas Koopmans jilde yn Fryslân as ien fan de meast oarspronklike skilders fan syn generaasje. Hy is yn 1920 berne yn Garyp, in doarp dat er altyd trou bleaun is.

Nei de legere skoalle hat syn heit him oplaat ta hússkilder. Letter waard er selsstannich skilder yn it doarp. Tekenjen en skilderjen wie fan syn bernejierren ôf syn grutte leafhawwerij.

Hy kriich lessen fan Joop Kloek út Twizel en Herman Dijkstra út Grins, mar eigentlik hat er himsels foarme en hy ûntwikkele in alhiel ekspresjonistyske skildertrant. It Fryske lânskip en de minsken yn syn direkte omjouwing wienen dêrby syn wichtichste ûnderwerpen. Ek wie er bekend om syn eigensinnige skilderijen en emosjonele tekeningen dy’t er makke fan syn oare pasjinten yn ‘e psychiatryske sikehuzen “Zuidlaren” en Frjentsjer. Klaas makke nei WO II diel út fan de Fryske skildersgroep “Yn ‘e line”.

Wurk fan Klaas Koopmans is û.o. te finen yn ‘e kolleksje fan Galerie Koopmans yn Earnewâld; Museum Smallingerland yn Drachten; Museum Belvédère yn Oranjewâld by It Hearrenfean en Museum dr. Guislain yn Gent. Yn 2000 is Klaas Koopmans beneamd ta “Ridder in de Orde van de Nederlandse Leeuw”.

Master de Vries 

(1854 - 1929)

Theodorus Marius Theresius van Welderen baron Rengers wie in liberaal politikus en jurist mei in sosjaal each. Hy wie each foar de nije kânsen yn de lânbou. Ek befoardere hy de ôfstreaming fan it Fryske boezemwetter, de droechlizzing fan de Sudersee.

Dêr binne ek publikaasjes fan syn hân oer ferskynd. Rengers makke nei syn rjochtestúdzje yn Leien in tal grutte reizen en wurke op it gesantskip yn Parys.
Yn 1895 kaam er te wenjen op Heemstra State yn Oentsjerk (foto).

Doe't er yn Oentsjerk wenne, krige it hâlden fan bijen him yn de besnijing. It foel him ek op dat in soad minsken harren jild rinteleas lizzen hienen. Mei oaren hat Van Welderen yn 1896 de koöperative Foarskot- en Sparbank Trynwâlden oprjochte. Datselde jier wie er belutsen by de oprjochting fan it koöperative molkfabryk Trynwâlden en omkriten. Om as stimhawwend lid mei te tellen kocht er in pear kij en sette dy by syn arbeider op stâl. Mei de herfoarme dûmny Evers waard as wurkferskaffing in gemeentlike sângraverij opsetten en in skieppefûns.

Yn België seach er dat it bewurkjen fan flaaks yn Fryslân folle better koe. Sa waard yn 1898 in flaaksfabryk opsetten yn Mûnein en letter noch ien yn Noardburgum. Oant 1920 wurken in soad minsken yn it fabryk yn Mûnein, dat noch oant 1968 yn bedriuw west hat. Yn 1929 wie it dien mei it fabryk yn Noardburgum. Mar yn dat jier naam de gemeente it bedriuw oer. Yn 1939 moast dat flaaksfabryk lykwols slute. Rengers moast Heemstra State ferkeapje en gie nei De Haach te wenjen. Yn Leien hat er noch kolleezjes jûn oan de universiteit. Oan de ein fan syn libben hat er noch in skoft oan de Emmakaai yn Ljouwert wenne. Flak nei de Twadde Wrâldoarloch is hy dêr ferstoarn. By de Frouwepoartsbrêge yn Ljouwert stiet in boarstbyld fan Van Welderen, dat makke waard troch Hildo Krop, dy't ek it stânbyld fan Piter Jelles Troelstra by de Aldehou makke hat. Efterop it boarstbyld steane de dichtrigels:

Yn neare tiden hawwe jo yn Fryslâns takomst leaud
Jo wisten nije wegen, hawwe dy mei ús begien
En skoander is wat jo hjir bouden
En duorsumer is as stien
Is dat in folk jins namme earet
En jo tankber bliuwt

Yn Oentsjerk is noch in plakette fan de baron oan ‘e gevel fan ‘e tsjerke oan ‘e Rengerswei. J.P. Wiersma skreau in biografy oer Rengers. It Rengerspark yn Ljouwert is nei de baron ferneamd.

Theodorus van Welderen baron Rengers

(1867 - 1945)

Theodorus Marius Theresius van Welderen baron Rengers wie in liberaal politikus en jurist mei in sosjaal each. Hy wie each foar de nije kânsen yn de lânbou. Ek befoardere hy de ôfstreaming fan it Fryske boezemwetter, de droechlizzing fan de Sudersee.

Dêr binne ek publikaasjes fan syn hân oer ferskynd. Rengers makke nei syn rjochtestúdzje yn Leien in tal grutte reizen en wurke op it gesantskip yn Parys.
Yn 1895 kaam er te wenjen op Heemstra State yn Oentsjerk (foto).

Doe't er yn Oentsjerk wenne, krige it hâlden fan bijen him yn de besnijing. It foel him ek op dat in soad minsken harren jild rinteleas lizzen hienen. Mei oaren hat Van Welderen yn 1896 de koöperative Foarskot- en Sparbank Trynwâlden oprjochte. Datselde jier wie er belutsen by de oprjochting fan it koöperative molkfabryk Trynwâlden en omkriten. Om as stimhawwend lid mei te tellen kocht er in pear kij en sette dy by syn arbeider op stâl. Mei de herfoarme dûmny Evers waard as wurkferskaffing in gemeentlike sângraverij opsetten en in skieppefûns.

Yn België seach er dat it bewurkjen fan flaaks yn Fryslân folle better koe. Sa waard yn 1898 in flaaksfabryk opsetten yn Mûnein en letter noch ien yn Noardburgum. Oant 1920 wurken in soad minsken yn it fabryk yn Mûnein, dat noch oant 1968 yn bedriuw west hat. Yn 1929 wie it dien mei it fabryk yn Noardburgum. Mar yn dat jier naam de gemeente it bedriuw oer. Yn 1939 moast dat flaaksfabryk lykwols slute. Rengers moast Heemstra State ferkeapje en gie nei De Haach te wenjen. Yn Leien hat er noch kolleezjes jûn oan de universiteit. Oan de ein fan syn libben hat er noch in skoft oan de Emmakaai yn Ljouwert wenne. Flak nei de Twadde Wrâldoarloch is hy dêr ferstoarn. By de Frouwepoartsbrêge yn Ljouwert stiet in boarstbyld fan Van Welderen, dat makke waard troch Hildo Krop, dy't ek it stânbyld fan Piter Jelles Troelstra by de Aldehou makke hat. Efterop it boarstbyld steane de dichtrigels:

Yn neare tiden hawwe jo yn Fryslâns takomst leaud
Jo wisten nije wegen, hawwe dy mei ús begien
En skoander is wat jo hjir bouden
En duorsumer is as stien
Is dat in folk jins namme earet
En jo tankber bliuwt

Yn Oentsjerk is noch in plakette fan de baron oan ‘e gevel fan ‘e tsjerke oan ‘e Rengerswei. J.P. Wiersma skreau in biografy oer Rengers. It Rengerspark yn Ljouwert is nei de baron ferneamd.

Tsjibbe Gearts van der Meulen

(1824-1906)

Tsjibbe Gearts van der Meulen wie in ferneamd Frysk skriuwer en dichter út de gemeente. Hy is mear as hûndert jier lyn ferstoarn, mar syn namme libbet noch yn Burgum, net allinne om’t er ferneamd is, de “Tsjibbe Geartsstrjitte”, mar ek troch ferhalen, dy’t noch altyd oer him ferteld wurde.

“In nuver man”, sa wurdt er noch faak neamd. Neist skriuwer en dichter hat Tsjibbe Gearts ek klokmakker, boekhanneler, postbeämte, drukker, redakteur, útjouwer en emigraasje-agint west. Tsjibbe Gearts wie in echte folksskriuwer. Hy skreau toanielstikken en kluchten, foardrachten, epigrammen, ferhalen, sangboekjes, oratoariumteksten en noch folle mear. Mei syn freon Waling Dykstra makke er stikjes foar de Winterjûnenochten 1860-1862. Hy kin karakterisearre wurde as romantikus, mar nayf, mei in boartlike geast. Syn stikjes hingje oer nei it groteske en hy hie in grutte ferearing foar de adel. Hy wie frijtinker en hong oer nei de Ferljochting. Hy mocht graach de nearzige ortodoksy de gek oanstekke. Yn 1878 sette er útein mei it folskriuwen en útjaan fan it ”Weekblad voor Tietjerksteradeel en omstreken”, letter de “Bergumer Courant”. Yn 1880 kriich er syn eigen drukkerij yn syn pân oan ‘e “Schoolstraat”. Dat pân bestiet net mear. Mar yn 1903 lei Tsjibbe Gearts de earste stien fan it nije bedriuw “De Motor” yn it pân Lageweg 4. De “Bergumer Courant”, dy’t sûnt 1890 ferskynde, waard dêr doe printe en syn soan Wigger Arnoldus van der Meulen joech lieding oan it bedriuw. Yn 1922 is it blêd oernaam troch de hear Lakerveld en gelyk dêrnei troch Johannes D. Keuning út Leens, boekdrukker en hanneler. Sûnt 1938 binne de drukkerij en boekwinkel eigendom fan de famylje Doevendans. Tsjibbe Gearts makke ek in reis nei de Feriene Steaten en hat dêr wiidweidich ferslach fan dien; hy stipe emigraasje ek.