Karakteristykpriis 80 jier Befrijing

Meitsje de skiednis fan Tytsjerksteradiel libbend!

Dit jier fiere wy 80 jier befrijing en steane wy stil by de yndrukwekkende skiednis fan Tytsjerksteradiel yn de Twadde Wrâldoarloch en de tiid fan de weropbou. Yn april en maaie wurde op ferskate plakken yn de gemeente betinkingsaktiviteiten organisearre – fan lêzings en tentoanstellingen oant doarpsrûnliedings. Dy foarmje mei-inoar it begjin fan in duorsume foarm fan betinken.

foto karakteristykpriis 80 jier befrijing

In bliuwend oantinken sichtber meitsje – dat is it idee efter de Karakteristykpriis.

Mei dizze priis wolle wy ynwenners, ferienings en organisaasjes stimulearje om inisjativen te ûntwikkeljen dy’t de skiednis fan 1940–1945 sichtber en fielber meitsje yn de iepenbiere romte. Tink oan in keunstwurk, ynformaasjeboerd, audiotoer of in oar kreatyf idee.

Wat moatst dwaan om kâns te meitsjen op € 500,00?

Stjoer foar 15 july 2025 jo plan of útfierde inisjatyf fia e-mail nei: secretaris@karakteristyk.nl en bareldkootstra@gmail.com 

Jo ynstjoering moat bestean út:

  • In dúdlike beskriuwing fan it inisjatyf of projekt: Wat ha jo organisearre of realisearre?
  • In taljochting op it doel: Wat wolle jo mei dit inisjatyf berikke of oerbringe?
  • In fisy op de takomst: Wat wolle jo mei dit inisjatyf dwaan bliuwe of wat ferwachtsje jo dat it op langere termyn bydraacht?

Jo meie ek foto’s of oar byldmateriaal taheakje.

Beoardieling troch in profesjonele sjuery

In saakkundige sjuery beoardielet de ynstjoeringen op orizjinaliteit, histoaryske wearde en bliuwende ynfloed. De winner ûntfangt in jildbedrach fan € 500,00 en wurdt bekendmakke tidens in feestlike gearkomste op 13 novimber 2025.

Betingsten

  • It inisjatyf moat in sichtbere ferbining hawwe mei de Twadde Wrâldoarloch.
  • It idee moat realisearre wêze nei 2019 en in bliuwend part wêze fan de iepenbiere romte.
  • Eltsenien mei meidwaan: yndividuen, ferienings en stichtingen. 

Suggestjes foar ynisjativen

  • In audiotoer lâns histoaryske plakken.
  • Edukative buordsjes op lokaasjes lykas:
    • De molkstaking yn de regio
    • Eardere ûnderdûkplakken
    • De crashlokaasje fan de RAF Lancaster yn de Alde Feanen
    • De brêge by Daam Burgum
  • Keunstsinnige of ynteraktive eleminten dy’t it ferline op in moderne wize sichtber meitsje

Stipe fan Oranje-Ferbynd

De Karakteristykpriis is in inisjatyf fan Karakteristyk Tytsjerksteradiel yn gearwurking mei Oranje-Ferbynd. Mei dizze priis wolle sy bydrage oan duorsume bewustwurding en wurdearring foar de lokale skiednis.

Doch mei en jou it ferline in takomst

Lit jo idee of inisjatyf bydrage oan it libben hâlden fan de skiednis fan Tytsjerksteradiel. Stjoer jo plan yn foar 15 july 2025 en meitsje kâns op € 500,00 foar jo projekt!

Mear ynformaasje?

Mail nei: secretaris@karakteristyk.nl of belje nei 06 53 404 299