Frysk yn 'e soarch

By it jaan fan yndividuele begelieding en help by it húshâlden wurdt rekken hâlden mei de thústaal fan de kliïnt.

De kearn fan de WMO is it petear tusken in ynwenner mei in helpfraach en de gemeente, faak in lid fan it gebietsteam. By dat petear sykje beide partijen tegearre nei oplossingen foar de swierrichheden. Foar in goed petear is it praten fan deselde taal wichtich. Yn it begjin fan it petear wurdt dêrom altiten hifke hokker taal oft de ynwenner prate wol en foarsafier mooglik slút de fertsjintwurdiger fan de gemeente dêrby oan. Sjoen de gearstalling fan ús ynwenners is yn alle gefallen in passive behearsking fan it Frysk oanwêzich by de leden fan it gebietsteam.

Afûk

De Afûk biedt mei it projekt Frysk yn ‘e soarch ynformaasje, foarljochting en advys oan soarch- en wolwêzensprofesjonals (yn oplieding) dy’t wurkje yn in meartalige regio. Yn gearwurking mei soarchorganisaasjes wurdt wurke oan ynformaasjemateriaal yn de eigen taal en meartalige helpmiddels foar de soarch. Sjoch www.friesindezorg.frl.