Yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei de gemeente kin elkenien de Fryske of de Nederlânske taal brûke.

Wy hawwe as belied om ús besikers foar safier mooglik yn it Frysk te wurd te stean, sawol oan de baly as oan de telefoan. Mocht de besiker of dyjinge dy’t skillet it Frysk net machtich wêze, dan skeakelje wy oer op it Nederlânsk.

As der in brief of e-mail yn it Frysk by de gemeente komt, beäntwurdzje wy dy yn it Frysk.

In klacht kin sawol yn it Nederlânsk of yn it Frysk behannele wurde. As in klacht yn twadde ynstânsje telâne komt by de Nationale Ombudsman, dan kin dy ek yn it Frysk behannele wurde.