De measte Fryske bedriuwen en organisaasjes stean posityf foar it brûken fan it Frysk oer. 

It brûken fan de taal fan de klant fergruttet de klanttefredenheid, fersterket de identiteit as Frysk bedriuw en is in goede klantebiner. Mar hoe stimulearje jo it brûken fan it Frysk no? Watfoar helpmiddels binne der beskikber? Hoe dogge oare bedriuwen dat en wat kinne jo dêrfan leare? De Afûk jout advys en tinkt mei. Praat mar Frysk(externe link) fersoarget workshops, Fryske bedriuwsfideo’s en in stimmebank. Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan de Afûk(externe link).