Dyn stim telt! Komst hjoed ek nei de stimbus?
Hé, komst hjoed ek nei de stimbus? Vandaag kunt u stemmen en meebepalen wie er in de gemeenteraad van Tytsjerksteradiel komt.
Foar my is it de earste kear dat ik dit meimeitsje yn ús moaie gemeente. Hjoed steane der in soad frijwilligers klear om alles goed ferrinne te litten en dat fertsjinnet wol wat lekkers! Dêrom bin ik op paad mei kofje en wat lekkers foar in tal stimburo’s. Sjoch ik jo der? De kofje stiet klear.
Dyn stim telt!
Kanter Breuker
Boargemaster Tytsjerksteradiel
Wannear bin ik wêr?
09.30 - 10.15 Burgum, gemeentehuis (bin ik al lâns west)
10.25 - 11.10 Suwâld, dorpshuis de Suderfinne (bin ik al lâns west)
11.20 - 12.05 Hurdegaryp, MFC Maskelyn
12.20 - 13.00 Wyns, De Skûle
