20e edysje Jou in Bern in Boek
It projekt Jou in Bern in Boek belibbet dit jier de 20e edysje. It is in gearwurking tusken de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel.
Mei it projekt krije alle bern út groep 5 yn dizze gemeenten alle jierren fergees in boek. Sa wurde bern op in tagonklike en positive wize yn de kunde brocht mei it lêzen yn it Frysk en wurdt it lêsplezier stimulearre.
Dit jier krije de bern it boek Camping Beppe. It ferhaal is skreaun troch Inge Besaris en foar de Fryske edysje oerset troch Martsje de Jong. De yllustraasjes binne makke troch Donna Kroese. Yn it aventoerlike ferhaal wurde jonge lêzers meinommen nei in bysûndere camping, dêr’t fan alles te belibjen falt. Mei de Fryske oersetting kinne bern it ferhaal yn harren eigen taal lêze en ûntdekke.
De lansearring fan de 20e edysje en de earste útrikking fan it boek Camping Beppe wie op freed 13 novimber by soarchsintrum Foswert yn Ferwert (Noardeast-Fryslân). By de lansearring wiene de wethâlders Gerda Bos, Tieme Heringa en Jan Pieter van der Velde oanwêzich, krekt as de ferskate taalamtners fan de fjouwer gemeenten.
De kommende wiken geane de lêskonsulinten fan Biblioteken Noard Fryslân en dBieb Tytsjerksteradiel by alle skoallen yn de gemeenten del om de boeken út te dielen oan de bern fan groep 5.
