Wynser Courant winner Fryske doarpssjoernalistyk
De Wynser Courant is mei it artikel ‘Weissensee’ winner fan de priis foar bêste Frysktalige bydrage oan de doarpssjoernalistyk yn Tytsjerksteradiel. Der is in priis fan 500 euro beskikber steld om it brûken fan it Frysk ekstra nijsgjirrich te meitsjen foar de skriuwers fan doarpskranten en doarpswebsiden. Op 23 maaie hat wethâlder Andries Bouwman de priis útrikt yn ytkafee De Winze yn Wyns.