Wethouder Tytsy Willemsma van Tytsjerksteradiel reisde 8 maart af naar Den Haag en deed namens de gemeenten Achtkarspelen, Leeuwarden en Tytsjerksteradiel een indringende oproep bij de Raad van State over de gaswinning Tietsjerk. 

Foarsitter,

It Ryk gjit oer de dolstoffen yn de boaiem. It lân dêrboppe is fan ús ynwenners, ús bedriuwen en de gemeente. Oer dy grûn hawwe wy de noed. Foar us ynwenners moatte wy soargje. De feilichheid is oan ‘e oarder.

Der wurdt yn ús gemeente al mear as 50 jier gas wûn. Dat hat laat ta in fersakking fan de grûn dy’t foar saneamde lytse fjilden hiel grut is. It is in misferstân dat winning yn lytse fjilden lytse effekten hat.

Wy hawwe te krijen mei in grûnfersakking fan 24 sintimeter. Dat is stevich. By oare lytse fjilden is de fersakking faak beheind ta 1 of 2 sintimeter. It makket foar it effekt net út as de grûnfersakking no komt troch in oare gaswinner, in oar gasfjild, troch nije gaswinning, troch gaswinning út it ferline of troch autonome fersakking. Feit is dat de grûn 24 sintimeter sakket.

Dy grûnfersakking hat konsekwinsjes foar ús as gemeente, it winningsgebiet en foar it Wetterskip. De Mynbouwet is oanpast sadat wy de kâns hawwe om - mei út namme fan ús ynwenners en bedriuwen – wat oer dit winningsplan en it beslút fan de minister te sizzen. Wy belochtsje it “burgerperspectief” en de lokale omstannichheden. Wy litte ús lûd hearre en dogge dat as oerheden yn Fryslân mei-inoar en ienriedich. Sa is by dit beslút berop ynsteld troch trije gemeenten, de provinsje en it wetterskip mar ek troch in belangengroep en in tal ynwenners.

Dit lûd is net nij. Al (in) jierren roppe wy dat it genôch west hat. Der komme tefolle tûkelteammen. Der wurdt net lústere en neat mei ús roppen dien. Vermilion wol gas winne en Nederlân hat gas nedich. Dat ferlet wize wy net ôf, mar de konsekwinsjes binne yn dit winningsplan te grut.

Yn de Wetterwet stiet dat de gemeente him rêde moat mei it stedske rein- en ôffalwetter. It reinwetter ha wy al sa folle mooglik ôfkoppele. It systeem wetteret út op de Fryske boezem. Dat peil stjit fêst. De oerstoarten binne al ferhege. As de grûn noch fierder sakket, kinne wy it wetter net mear kwyt. It systeem komt dan fol mei boezemwetter te stean en it reinwetter kin gjin kant mear út. It heger wurden fan de seespegel en de klimaatferoaring helpe net mei. As ús rioelsysteem net mear wurket, strûpt de boel der ûnder. Om koart te kriemen: Wy hâlde de fuotten net mear droech!

Dit is it momint om nei ús noeden te sjen en dêr ek de tiid foar te nimmen. Wy ha yn it berop noch mear arguminten oandroegen en de provinsje en it wetterskip sille yn de beropsaak harren arguminten ek noch ynbringe.

Wy komme op foar de takomst fan ús gebiet. Lit dat gebiet net fierder sakje. It gebiet is net mear geskikt om gas te winnen. Ien ding is wis: gaswinning sil op in beskaat momint ta in ein komme, mar wy bliuwe efter mei de gefolgen. Dy soarch bliuwt. En dy komt foar rekken fan de gemeente. Wy steane no en yn de takomst foar de feilichheid fan ús ynwenners. Dit beslút moat net allinich gean om de gaswinning fan no mar ek om de konsekwinsjes foar de takomst.

In wiis beslút sjocht fier foarút.

Tytsy Willemsma in Den Haag