Winners kultuerprizen Tytsjerksteradiel bekend!
Stichting Culturele Commissie De Pleats út Burgum en Jongereintoaniel Kom mar op! út Suwâld binne de winners fan de kultuerprizen 2023 yn Tytsjerksteradiel. Dat waard tiisdeitejûn 30 maaie bekend makke yn it gemeentehûs yn Burgum. ‘Wat is der in soad talint op it mêd fan kultuer yn ús gemeente, ik bin bliid dat ik gjin taak hie yn de sjuery’, sei wethâlder Tytsy Willemsma by it útrikken fan de prizen. ’Allegearre hawwe jimme in weardefolle bydrage levere oan it kulturele klimaat yn Tytsjerksteradiel.’