Marcel Smit nije Wâldsjonger foar Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel
De yn Burgum wenjende sjonger en lietskriuwer Marcel Smit (1977) is foar de kommende twa jier beneamd as ‘Wâldsjonger’ foar Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Foar Tytsjerksteradiel is it de earste Wâldsjonger fan de gemeente. Marcel Smit folget yn Achtkarspelen Arjan Hut op, dy 't de ôfrûne jierren Wâlddichter fan de gemeente wie. Marcel Smit hat nocht oan dizze nije útdaging: ‘Ik fyn it in hiele eare om Wâldsjonger te wêzen. As echte Wâldpyk wol ik de kommende twa jier de Wâlden mei myn ferskes noch mear promoatsje.’