Noardburgum

Home > Inwoners > Noardburgum

Noardburgum

(2277 ynwenners) Noardburgum waard yn selsstannich doarp. Foarhinne wie it in part fan Burgum. Op in kaart út 1664 is oan de noardkant fan de “Rydwech na Groeningen” hast neat oars te finen as heide en nochris heide: de “Bergumer Heyde”. Op in kaart út 1888 steane al twa sânpaden, de tsjinwurdige Sânhústerwei en in sânpaad fan it Swartkrús nei Kûkherne, dat hjoeddedei as Oostersingel bekend stiet en trochrint nei de “Skilige Piip”.....Yn 1888 wie tusken dy sânpaden in grut bosk, it “Du Tours”-bosk. Njonken it Swartkrús stiet it ferpleechtehûs “Nieuw Toutenburg” en fierderop oan de Ryksstrjitwei it pompstasjon fan wetterliedingbedriuw Vitens. Bêste klompen ha se yn Noardburgum ek – in besite oan klompmakkerij en klompemuseum Scherjon, dat ûnderbrocht is yn it eardere earmhûs fan 1843, is de muoite wurdich! Fierder wie Noardburgum it doarp fan strjitmakkers en reiddekkers. Ien fan dy strjitmakkers wie Abe Brouwer, skriuwer fan mannich Fryske roman, ûnder oaren “Marijke”. Fan dy frou makke David van Kampen in byld. It stiet by it doarpshûs “De Balstien”.