Doarpswebside Eastermar winner priis foar Fryske doarpssjoernalistyk yn Tytsjerksteradiel

Home > Inwoners > Actueel > Nieuws > Doarpswebside Eastermar winner priis foar Fryske doarpssjoernalistyk yn Tytsjerksteradiel

Doarpswebside Eastermar winner priis foar Fryske doarpssjoernalistyk yn Tytsjerksteradiel

De webside fan Eastermar mei in artikel oer ‘Tip Toko’ is de winner fan de priis foar bêste Frysktalige bydrage oan de doarpssjoernalistyk yn Tytsjerksteradiel. Wethâlder Andries Bouwman hie de eare om dizze priis foar de earste kear út te rikken: “Jimme leden fan de redaksje binne ambassadeurs fan de Fryske taal en in foarbyld foar oare redaksjes fan doarpskranten en websiden yn ús gemeente”. De priisútrikking wie op woansdei 17 juny by de Tip Toko yn Eastermar. Hjir is ek it sjueryrapport bekend makke.

De gemeente hat ferline jier in oprop dien foar de bêste Frysktalige bydrage dy’t yn Tytsjerksteradiel yn in doarpskrante of op in doarpswebside stien hat. Der is in priis fan € 500 beskikber steld om it gebrûk fan it Frysk ekstra nijsgjirrich te meitsjen foar de skriuwers fan doarpskranten en doarpswebsiden.

De oprop hat sân reaksjes opsmiten. De redaksjes fan media út de doarpen Aldtsjerk, Eastermar,  Gytsjerk,  Jistrum, Noardburgum, Sumar en Ryptsjerk hawwe in ferskaat oan Frysktalige artikels ynstjoerd. It wienen bygelyks artikels oer spoeken , in ‘Kerst Inn’ en in túnblog fan in ynwenner.

In saakkundige sjuery besteande út Douwkje Douma fan de Afûk en Gerrit van der Meer fan Actief Media hat út alle ynstjoerings it artikel oer ‘Tip Toko’ fan de redaksje fan de webside fan Eastermar útkeazen. De redaksje hat in nijsgjirrich artikel skreaun mei ynformaasje oer de plannen om in toeristeynformaasjepunt yn te rjochtsjen yn Eastermar. Dat ynformaasjepunt is bedoeld om minsken in persoanlik wolkom te jaan en omdat Eastermar him op dizze wize as gastfrij doarp sjen litte wol.