De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel dogge mei oan it projekt ‘Wjerspegelje’. Yn de gemeentehuzen yn Burgum en Bûtenpost binne Fryske gedichten te lêzen op de spegels fan de publike toiletromtes. Wethâlder Max de Haan fan Achtkarspelen: ‘Wy biede in poadium oan dichters en tagelyk meitsje wy de Fryske taal sichtber.’

Dichters mei ûnderfining en begjinnende talinten

Besikers kinne de gedichten lêze by it 20-sekonden-hannewaskjemomint dat oanbefelle wurdt. Troch mei de telefoan de QR-koade te scannen dy’t derneist stiet, wurdt de Nederlânske oersetting sichtber. Wethâlder Andries Bouwman fan Tytsjerksteradiel: ‘Wy binne tige entûsjast oer it projekt en it leveret moaie gedichten op fan dichters mei ûnderfining en begjinnende talinten.’ Yn Tytsjerksteradiel binne gedichten te lêzen fan ûnder oaren Elske Kampen, winner Kultuerpriis Tytsjerksteradiel yn 2017. Yn it gemeentehûs fan Achtkarspelen hingje ûnder oaren gedichten fan Wâlddichter Arjan Hut.

Wjerspegelje

Wjerspegelje is in projekt fan Leeuwarden UNESCO City of Literature en Merk Fryslân en wurdt stipe troch de provinsje Fryslân. Wjerspegelje is basearre op it Swolske idee Weerspiegelen. It projekt is begjin 2021 útein set mei fjirtjin gedichten fan acht dichters. Mei yn totaal fyftich gedichten fan 28 makkers is it projekt no kompleet.