Frysk taal- en kultuerbelied yn Tytsjerksteradiel

It gemeentlike taalbelied fan Tytsjerksteradiel is basearre op lykweardigens fan it Frysk en it Nederlânsk. Ut dat útgongspunt wei fine wy it wichtich dat boargers, amtners en bestjoerders sels kieze kinne oft se Frysk of Nederlânsk prate èn fan wjerskanten respekt ha foar it gebrûk fan de taalkar fan elkoar.

Nota Frysk taalbelied

De gemeenteried hat op 13 july 2017 de Nota Frysk taalbelied fêststeld. Mei dizze nota hat de gemeente in ramt foar it Frysk taalbelied. De algemiene doelstelling fan it Frysk taalbelied is it kreëarjen fan rânebetingsten foar behâld en it fuortsterkjen fan de Fryske taal.

Sprektaal gearkomsten

Sprektaal by de riedsgearkomsten is likegoed Nederlânsk as Frysk. Dat jildt ek foar oare gearkomsten, lykas harksittings. By in harksitting wurdt eltsenien de kar jûn yn it Frysk of Nederlânsk it wurd te dwaan.

Taalferoardering Frysk

Yn de 'Taalferoardering Frysk gemeente Tytsjerksteradiel 2017' is omskreaun hoe't de gemeente omgiet mei Frysk yn it skriftlik en mûnling ferkear. De feroardering (ook te lezen in het Nederlands) docht rjocht oan it begjinsel fan twataligens. Dit hâldt yn dat de gemeente in kar makket foar it brûken fan de Fryske òf de Nederlânske taal.

Korrespondinsje en offisjele stikken

In Fryske brief wurdt troch de gemeente yn it Frysk beantwurde. As jo in klacht ha, kinne jo dat sawol yn it Frysk as it Nederlânsk yntsjinje. In klacht yn it Frysk, wurdt yn it Frysk beantwurde. As in klacht yn twadde ynstânsje telâne komt by de Nationale Ombudsman, dan kin dizze klacht ek yn it Frysk behannele wurde. Offisjele stikken wurde yn prinsipe yn it Nederlânsk útbrocht. Jo kinne freegje om in Fryske oersetting bygelyks fan in ôfskrift fan gegevens út de basisadministraasje persoansgegevens.

Trouwe

As jo trouwe, kinne jo kieze foar in houlikstaspraak yn it Nederlânsk of it Frysk. It trouboekje dat it breidspear meikriget is steld yn it Nederlânsk en it Frysk.

Taalkursussen Afûk

De taalkursussen fan de Afûk dy’t hâlden wurden foar de ynwenners yn ús gemeente, wurde troch de gemeente subsidiearre. Sjoch foar mear ynformaasje oer de kursussen op de webside fan Afûk. Jo kinne de kursussen Frysk ek digitaal folgje fia Edufrysk.

Subsydzje Fryske taal en kultuer

Foar aktiviteiten en eveneminten op it mêd fan de Fryske taal en kultuer kin by de gemeente subsydzje oanfrege wurde. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme fia telefoannûmer 14 0511 of e-mail gemeente@t-diel.nl.

Tomke-projekt

De gemeente jout subsydzje foar It Tomke- projekt. Dat is in lês- en taalbefoarderingsprojekt foar pjutten, mei as doel it befoarderjen fan de lês- en taalûntwikkeling fan bern yn gearwurking mei de âlden. It materiaal fan it projekt bestiet út in lêsmap, boekjes om mei nei hûs te nimmen, posters, ynformaasjebriefkes oer de tv-útstjoerings en foarljochtingsgearkomsten foar de pjutteliedsters. Sjoch foar mear ynformaasje op Tomke.nl.

Taalkado

By oanjefte fan harren bern krije jonge âlden it Taalkado oanbean. It Taalkado hat as doel âlden te ynformearjen oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje en it stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal yn it bysûnder. It Taalkado sit fol leuke en edukative produkten dy’t âlden en jonge bern op boartlike wize yn oanrekking bringe mei de Fryske taal.

Ynformaasje nije ynwenners

Nije ynwenners krije in wolkomstpakket mei ynformaasje oer de twataligens yn Tytsjerksteradiel. Yn it wolkomstpakket sit ûnder oaren de brosjuere ‘Taal fan it hert’ oer de Fryske taal en kultuer en ynformaasje oer de kursussen Frysk fan de Afûk. 

Sjoch foar mear ynformaasje oer de kursussen Frysk op de webside fan Afûk.

Praat mar Frysk

Wy dogge mei oan de ‘Praat mar Frysk’-kampanje fan de Afûk. Doel fan dizze kampanje is de boargers bewust te meitsjen fan har eigen taal en identiteit en de mearwearde fan harren meartaligens. Op Praatmarfrysk.nl fine jo mear ynformaasje en kinne jo fergees ferskaat materiaal bestelle, lykas de ‘Praat mar Frysk’ lippen, buttons, posters en kaarten.

Informatie Friese taal voor nieuwe inwoners

Nieuwe inwoners krijgen een welkomstpakket met informatie over de tweetaligheid in Tytsjerksteradiel. In het welkomstpakket zit onder andere de brochure ‘Taal fan it hert’ over de Friese taal en cultuur, en informatie over de cursussen Fries van de Afûk.

Zie voor meer informatie over de cursussen Fries op de website van Afûk.