Yn it ramt fan it Frysk taalbelied hawwe de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel besletten om € 6.000 de gemeente beskikber te stellen foar it foarskoalsk, primêr en fuortset ûnderwiis. De skoallen koene foar € 200 Fryske boeken bestelle en de pjutteopfangplakken foar € 100.  

Fryske boeken foar skoallen en pjutteopfangplakken

‘Skoallen en pjutteopfangplakken koene in Frysk boekenpakket oanfreegje by de gemeente’, seit wethâlder Frysk, Max de Haan fan gemeente Achtkarspelen. ‘Dêrmei wolle wy it (foar)lêzen fan Fryske boeken yn it ûnderwiis stimulearje, want meartaligens yn it ûnderwiis is wichtich.’ De Haan hat op woansdeitemoarn 6 oktober it startsein jûn foar de Berneboekewike. Hy joech CBS De Oanrin yn Twizel in Frysk boekepakket mei in wearde fan 200 euro. Hy lies ek in ferhaal foar út in Frysk boek.

Frysk stimulearje yn it ûnderwiis 

Taal en lêzen binne in enoarme motor foar de ûntwikkeling fan in bern. Taal is de basis fan ús kommunikaasje. It helpt ús gear te wurkjen, lit ús ús gefoelens útdrukke en jout kleur oan 'e maatskippij en sosjale kontakten. ‘Jo kinne sizze dat mear talen prate in oanwinst is. Dêrom stimulearje wy it Frysk op de skoallen,’ seit wethâlder Frysk en ûnderwiis Andries Bouwman. ‘Wês dêr dus allegearre mar tige grutsk en sunich op!’.