De gemeente Tytsjerksteradiel docht in protte op it mêd fan de Fryske taal.
-
Tomke-projekt
De gemeente jout subsydzje oan it Tomke-projekt. Dat is in lês- en taalbefoarderingsprojekt foar pjutten, mei as doel it befoarderjen fan de lês- en taalûntwikkeling fan bern yn gearwurking mei de âlden.
-
Foarljochting nije ynwenners
Nije ynwenners krije in wolkomstpakket mei ynformaasje oer de twataligens yn Tytsjerksteradiel.
-
Subsydzje Fryske taal en kultuer
Foar aktiviteiten en eveneminten op it mêd fan de Fryske taal en kultuer kin by de gemeente subsydzje oanfrege wurde. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de hear D. Bakker fia gemeente@t-diel.nl of tel. 14 0511.
-
Taaltaske jonge âlden
Jonge âlden krije by oanjefte fan harren bern in taaltaske oanbean. Dat taaltaske hat as doel jonge âlden te ynformearjen oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje en it stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal yn it bysûnder.
-
Frysk taal- en kultuerbeleid in Tytsjerksteradiel
Yn de 'Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Tytsjerksteradiel' is omskreaun hoe't de gemeente omgiet mei Frysk yn it skriftlik ferkear. De oardering docht rjocht oan it begjinsel fan twataligens.
-
Trouwe
As jo trouwe, kinne jo kieze foar in houlikstaspraak yn it Nederlânsk of it Frysk. It trouboekje dat it breidspear meikriget is steld yn it Nederlânsk en it Frysk.
-
Praat mar Frysk
Wy dogge mei oan de ‘Praat mar Frysk’-kampanje fan de Afûk. Doel fan dy kampanje is de boargers bewust te meitsjen fan harren eigen taal en identiteit en de mearwearde fan harren meartaligens.

Delen