Lânskip

Lânskip

Tytsjerksteradiel is ien fan de grutste gemeenten yn Fryslân. De gemeente hat in oerflakte fan goed 16.100 ha. It lânskip is bysûnder ôfwikseljend: fean, wetter, greiden en bosk.              

 

De gemeente hat twa bysûndere natuergebieten:
 

  • nasjonaal lânskip 'De Noardlike Wâlden'
  • nasjonaal park 'De Alde Feanen'


It nasjonaal lânskip 'De Noardlike Wâlden' ûnderskiedt him troch de spesifike gearhing tusken de ferskillende ûnderdielen fan it lânskip, lykas natuer (floara en fauna), reliëf (bygelyks beekdellingen en terpen), grûngebrûk en bebouwing (sa as doarpsgesichten en forten). Meielkoar fertelle dy eleminten it ferhaal fan it Nederlânske lânskip. De status ‘Nasjonaal Lânskip’ hâldt yn dat der ekstra omtinken is en dat der ekstra finansjele middels frijmakke wurde om de saneamde kearnkwaliteiten fan de gebieten te behâlden en te fersterkjen. De kearnkwaliteiten fan de Noardlike Wâlden binne:
 

  • lytsskalich patroan fan lintbebouwing, houtwâlen (hege diken), elzesingels mei stadige oergongen nei iepen enklaves dêrtusken (mieden en healân) en pleatslike iezen (ies = gehiel fan stikken boulân om in doarp hinne);
  • relatyf ticht netwurk fan houtwâlen en elzesingels
  • ôfwikseling fan skaal en (beheind) reliëf
  • opstrekkende stroken oant (pleatslik ûn)regelmjittige blokferkaveling mei in trochsneed lingte-breedteferhâlding fan 1:4 à 1:5
  • strukturearjende eleminten lykas beplantings, ierdkundige eleminten (pingoruïnes, dobben), lintdoarpen, wegen en paden mei leanebeplanting

 
It Nasjonaal Park ‘De Alde Feanen’ is in gebiet dêr’t it behâld en de ûntwikkeling fan weardefolle natuer sintraal steane. It Nasjonaal Park biedt mooglikheden foar op de natuer rjochte rekreaasje, foarljochting en edukaasje en wittenskiplik ûndersyk. Sjoch foar mear ynformaasje op www.dealdefeanen.nl.

Contactgegevens

Wilt u ons...

 

groen-foon Bellen

14 0511 (geen netnummer)
bellen vanuit het buitenland

groen-mail Schrijven of mailen

Postbus 3, 9250 AA  Burgum
mail de gemeente

richtingaanwijzer Bezoeken

Raadhuisweg 7, 9251 GH Burgum
(route)

Openingstijden

Hier vindt u onze openingstijden

 

Bereikbaarheid bij calamiteiten